De lêste fries

Baldrs Draumar

    Continúa después del anuncio

    Sân deaden yn in skip op ‘e jûn
    Mei koppen sa wyt fan de dea sa swart
    Nei dy nacht waard it skip nea wer fûn

    Hat de lêste Fries ea wol bestien?
    Want it bloed fan syn line, dat is nea fergien
    It rint troch de ieren fan it folk fan syn soannen
    En kleuret de ierde op de Faroër eilannen

    Sân soannen, wie al dat bleau oer
    Want de goarre dy't gie skiede lichem en siel
    Mar net dat fan de soannen en de boer

    Sân reuzen mei de krêft fan in bear
    Sy fuorren it fjoer mei it fleis fan har freonen
    De kime teskroeid en de tiid naam in kear

    Continúa después del anuncio

    Seis stikken fan sulver en trije fan goud
    Foar in godshûs sa heech dat skrabbet it tek
    Fan wolken, in tsjerke fan stien en fan hout
    Fiif deilingtes lang fjochte noard doe tsjin súd
    En de grûn kleure read fan it bloed fan it folk
    Mar doe riid de Fries foar syn manskippen út

    Fjouwer ekers fier smiet de biskop syn stien
    Mar de reuzesoannen heinden him handich op
    Hja boarten dermei en fongen him ien foar ien

    Trije moanwiksels lang mei de bile yn syn hân
    Hie de biskop it dreech op in muorre sa heech
    Doe bejoech him de lea en hold er net langer stân

    Twa kear sloech de boer mei de bleate hân ta
    En de man yn it swart soe de moarn nea wer sjen
    De dea fan in smjunt soe de kristenman ha

    Ien blom bloeit hjoed op it grêf fan de boer
    Op it heechst fan de klif mei it eachweid op see
    Mar it neiskaai fan de boer en syn soannen bleau oer
    Mar it neiskaai fan de boer en soannen bleau oer

    Información de la canción

    Composición:

    ¿Los datos están equivocados?

    Enviar revisión

    Canciones relacionadas