Continúa después del anuncio

    Grien is dyn lân
    Read is dyn râne
    Wyt is dyn sân
    De kleuren fan ús Hilgelân

    Troch see omklamme, grien en stien
    In fêste rots foar eltsenien
    Forsites troan, bring ús hannel en rjocht
    Hillich lân op dy bin wy Friezen sljocht
    Deät Lun

    Continúa después del anuncio

    Goaden en keningen, hearsker en tsjinners
    Sy klonken op Hilgelân, hoarnen fol mea
    Weda, hy brocht dêr de tolve asegas
    Sy doarmen yn’t tsjuster, hy hearde har bea
    Mei in gouden bile tespjalten hja dyn grûn
    Út dy brûzjende boarne streamde it rjocht
    Ferbûn doe de stammen en smeide de sibben
    Frijdom wie de heechste wet yn it Fryske hert

    Tongere hat it yn dyn blauwe loften
    Fjoer en ferdjer frieten oan dyn geve lea
    Wjerljocht en wriggen spoeken rûnom dy
    Al hoe tsjuster it ek wie, dyn flam dôve nea
    Reade rots fan Anna en sêft sân fan Düne
    In haven ha jim west foar eltse Fries
    Foar Klaus Störtebeker mei syn Likedielers
    Foar striders en rôvers, foar eltse biis

    Información de la canción

    Composición:

    ¿Los datos están equivocados?

    Enviar revisión

    Canciones relacionadas