Fan Fryslâns Ferline

Baldrs Draumar

    Continúa después del anuncio

    Heidensk fjoer teskroeit de grûn, de goadegeast is by ús
    Lieten klinke yn it rûn, skimen dûnsje troch de flammen
    Wy besjonge ear en rom, lit de foarfaars wer ferskine
    Fertelle fan dat frije folk en fan Fryslâns ferline

    Hokker man is sterker noch as ús Fryske mannen
    Wrottend yn ‘e kâlde klaai mei grutte geve hannen
    Hokker frou is moaier noch as ús Fryske wiif
    Hier sa blond as himelljocht en Fryslâns soan yn’t liif
    Hokker greid is griener noch as de Fryske greide
    'T Fryske fee dat freedsum fret fan de pearske heide
    Hokker stam is heger noch as ús hege stamme
    Trochloftig Friezenfolk fan dy âlde namme

    Continúa después del anuncio

    Swolgen mea en hoarnen bier, proastend op ‘e tiid
    Dat der foar Fryslân fochten waard, foarop yn de striid
    Wy besjonge ear en rom, lit de foarfaars wer ferskine
    Fertelle fan dat frije folk en fan Fryslâns ferline

    Información de la canción

    Composición:

    ¿Los datos están equivocados?

    Enviar revisión