Continúa después del anuncio

    Dus drink en doch mei ús mei
    En sjong fan it libben, it libben sa frij
    It ljocht sil skine en ûntkymje it leat

    Dus drink en doch mei ús mei
    En sjong fan it libben, it libben sa frij
    Lit ús earst lizze, tolve nachten en bleat

    Continúa después del anuncio

    Tsjettels mei drank steane klear
    Swyn oan ’t spit yn ‘e hal fan ‘e hear
    De swietrook fan feest lit ús dreame
    Jûl tsjinnet him oan, de mea sil wer streame

    Lang ha wy hoede de wale fan ‘t ljocht
    Yn tiden fan tsjuster doe’t de froast ús besocht
    Wy ferhellen fan foartiids, hellen skalden oan
    Tusken tûken fan spjirren, jûlbok yn ‘e brân
    It tsjil sil wer baarne en it hear sil wer jeie
    De sibben dy bringe in offer oan Freyr
    De hoarnen stjitte wy rimpen, oerstjoer
    En dûnsje dan dronken en neaken om ’t fjoer

    Oan al it moaie dat is komt in ein
    De drank is hast op, ik krij ‘m net mear oerein
    Tolve nachten pearje, tolve dagen bier
    Myn skonken as lead, myn eachlidden swier
    De griemmank fan koarre, fan mige en sied
    Noch ien swolch nim ik, noch ien op ‘e died
    Noch ien op de goaden, noch ien op jim
    Want it daagjen bringt ús it nije begjin

    Información de la canción

    Composición:

    ¿Los datos están equivocados?

    Enviar revisión

    Canciones relacionadas