Sieletocht

Baldrs Draumar

    Continúa después del anuncio

    Hamr
    Fylgja
    Hugr
    Hamingja

    Ik waard berne fan stof
    En ta stof sil ik fergean
    Fan foarm feroarje
    It fleis is my neat
    Hy dy’t folger hjit
    Ljochtet no myn paad
    De sieletocht is sa ljocht
    As it tsjuster wêze kin

    Continúa después del anuncio

    Untwoartele reizgje ik
    Troch delten djip
    Troch skaad en skimer
    De kime keal en nearzich
    Twa tekens sjoch ik inkeld
    Neislachte en namme
    Sa is de sieletocht
    Rjocht noch krom
    De neils koart ôfknipt
    Foar it neilskip
    Myn lange hieren flochten
    Rits runen yn myn tosken
    Tusken it earste sykheljen
    En de lêste azem yn
    Bin ik ien, en ien mei de sibbe
    Hja binne it wêzen, dat wat is
    Wat wie, en dat wat wurde sil
    Hja binne de sieletocht
    Hamr, Fylgja, Hugr, Hamingja

    Información de la canción

    Composición:

    ¿Los datos están equivocados?

    Enviar revisión

    Canciones relacionadas