Thús op see

Baldrs Draumar

    Continúa después del anuncio

    Rûnom ûneinich wetter, wy farre troch waar en wyn
    Troch tsjustere nachten, de leechte yn
    Syn stim sil ús stjûnen liede op ‘e syk nei lân
    De see wer ferruilje foar gers en sân

    Of faaks foar beammen en bergen, mar ús skip leit altyd ree
    Dan brekke wy de keatlings en binne wy wer thús op see
    Ferbûn oan wrydske wetters leit ús takomst dêr
    Wêr’t de stirns saaie en sâlt bliuwt ús hert

    Continúa después del anuncio

    Thús op see, de sinne is ús roer
    Hûs en hiem ferlitten, de stjerren as ús stjoer
    Frijheid streamt troch ús ieren as it wetter brûst foar de boech
    Wy hâlde hoek op de seeën, gjin weachkriich is ús te rûch

    Al wurdt de loft as betsjoend hommels yn en yn swart
    Moetsje himel en ierde, wurdt alle skientme fertard
    Brekt de mêst ús midstwa, wurdt it syl ús teskuord
    Us siel is fan de see, ús betrouwen yn Njord

    Wy bliuwe farren, ús skippen altyd ree
    De keatlings brutsen, wy binne thús op see
    Ferbûn oan wrydske wetters leit ús takomst hjir wêr’t
    De stirns saaie en sâlt bliuwt ús hert

    Información de la canción

    Composición:

    ¿Los datos están equivocados?

    Enviar revisión

    Canciones relacionadas