Wat nea fergiet

Baldrs Draumar

    Continúa después del anuncio

    Want wat nea fergiet is ús heidensk hert
    It hert dat de dreunen fan Mjöllnir heart
    En wat nea fergiet en wat altyd bliuwt
    Us grutskens, ús eare, de krêft fan in liuw
    Want wat der ek bart en wêr’t wy ek gean
    It is it bloed fan Ymir dat troch ús streamt
    Bûn oan de boarne, grutbrocht yn striid
    Us heidenske hert is wat wier nea fergiet

    Al binne wy ferjage fan hillige grûn
    Us risping en ús ekers oan it frjemdfolk jûn
    Ien ding bliuwt fan ús, dêr komt nimmen oan
    It leauwen yn ús goaden, it is in ûnbrekbere bân

    Continúa después del anuncio

    Soannen fan Inguz, Wêda sil foar jim stean
    En mank Ty en Tuner de einstriid yn gean
    En al wêr’t jim ek stjerre, dochters fan Nertha
    De ein is it begjin foar hja dy’t in heidensk hert ha

    Op de troan fan Fosite is ús eigen rjocht ûntsien
    En troch ús libben op it wetter is dat rjocht mei gien
    Wy binne eigensinnich, wy knibbelje nea en laitsje om de dea
    Wy binne eigenwiis, wy binne de Fries, dat wat nea fergiet

    Información de la canción

    Composición:

    ¿Los datos están equivocados?

    Enviar revisión

    Canciones relacionadas